Nepskaal en muzyk: fans stypje Cambuur

06 maaie 2020 - 13:10

De fanklup Kern van Cambuur sil de klup in replika fan de kampioensskaal oanbiede. Dêrmei wolle se de klup in hert ûnder de riem stekke, mei it each op it koart pleit tsjin de KNVB oankommende freed. Ek sjongers Ricky en Frans van den Borg stypje de klub, sy ha beide in nûmer útbrocht.

Foto: www.orange-pictures.nl

Kern van Cambuur soe woansdei aksjefiere op de Aldehou, mar dat siet der net yn, seit Kees Elzinga fan de supportersferiening. "We dachten, we moeten die jongens een hart onder de riem steken en zorgen dat er een schaal naar die jongens gaat. We hebben een replica laten maken, de bedoeling was om die bij de Oldehove uit te reiken maar dat kon gezien de coronamaatregelen niet."

It alternatyf wie om it dan mar yn it stadion te dwaan, mar ek dat slagge net. Der wurdt no socht nei in oar momint. "We zijn in overleg met de club om dit op verstandige manier te gaan doen."

As foarsitter fan de fanklup fan Cambuur hat Elzinga drege tiden, fertelt er. "De 'drege tiden' zijn al begonnen toen de competitie werd stopgezet en toen het bericht kwam dat we niet promoveren. Dat zijn vervelende tijden."

Ferslachjouwer Janko Krist yn petear mei Kees Elzinga

Yn 2013 krige SC Cambuur op 6 maaie de kampioensskaal by de Aldehou. Dêr wienen tûzenen fans by:

Ek Ljouwerter sjonger Ricky wol Cambuur in hert ûnder de riem stekke. Dêrom makke hy it nûmer 'Cambuur komt eraan'. Freed, de dei dat de klup mei De Graafschap foar it gerjocht stiet, komt de fideoklip út. "We zijn nu bezig met 50 sympathisanten om er een videoclip van te maken, met Henk de Jong, een aantal spelers en supporters."

Ricky tinkt dat it nûmer de potinsje hat om in hit te wurden. "Daar ben ik ook wel van overtuigd, er wordt op sociale media al goed op gereageerd. Als we Cambuur kunnen steunen, doen we dat."

Sjonger Ricky oer syn nûmer 'Cambuur komt eraan'

Sjonger Frans van den Borg makke ek in nûmer om de klup te stypjen, mei in krekt wat oare boadskip. 'We worden genaaid', hyt it nûmer. "Iedereen voelt dat zo, het liedje is op de wijze van Whatever you want van Status Quo, dat geeft dat gevoel ook weer. Cambuur leeft verschrikkelijk en ze hebben het zo goed gedaan dit jaar. En dan in één keer wordt dat weggevaagd door Gudde, dat vind ik onrecht."

Van den Borg kaam op it idee nei oanlieding fan opmerkings fan fuotbalanalist Johan Derksen. "Het was eigenlijk helemaal niet de bedoeling, maar ik was toch wel een beetje 'getriggerd' door Johan Derksen, die was zo negatief en het was zo'n teleurstelling voor zoveel mensen. Ik dacht daar moet ik toch wat mee doen."

Frans van den Borg

(advertinsje)
(advertinsje)