Eigener touringcarbedriuw: "Skermen tusken de stuollen gjin opsje, kâns op fallisemint grut"

De 25 bussen fan Dalstra Reizen yn Surhústerfean stean al sûnt maart yn de garaazje. Reizen oant ein juny gean net troch en it is foar it bedriuw lestich yn te skatten wannear't der wol wer riden wurde kin. Mei oardelmeter ôfstân passe der noch mar 13 minsken yn in bus.
© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
Trettjin passazjiers yn in bus dêr't oars fyftich yn sitte, kin foar ús net út, seit Johan Dalstra. Dêr komt noch by dat sân op de tsien reizen fan Dalstra Reizen nei it bûtenlân gean, benammen nei bestimmingen yn Europa. "Wy halde it bûtenlânske nijs goed yn de gaten. No is al dúdlik dat Dútslân oant 14 juny op slot sit en, ik mien, Frankryk oant 24 juny. Dan is it fakânsjeseizoen hast foarby. "
Dalstra hopet op finansjele help foar de sektor, al is hy net posityf. Hy ferwachtet woansdeitejûn op de parsekonferinsje net folle goed nijs te hearren, As der gjin finansjele middels komme, is de kâns grut dat syn bedriuw fallyt giet. Hy fynt it lestich yn te skatten hoelang't syn bedriuw it folhâlde kin. Plestik skermen tusken de stuollen binne ek is gjin opsje, seit er. Dan mei net fanwege de brânfeiligens.
Johan Dalstra: "Trettjin yn de bus kin net út"