GGD Fryslân: gjin nije coronastjergefallen, trije nije besmettings

06 maaie 2020 - 12:20

Yn de ôfrûne 24 oeren binne gjin nije coronastjergefallen bykaam. Wol binne trije nije besmettings fêststeld. Dat meldt GGD Fryslân. It totaal tal besmettings yn Fryslân komt dêrmei op 524. It tal Friezen dat stoarn is oan it coronafirus bliuwt stean op 63.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân is dêroer te sprekken. "De sifers binne moai stabyl, dat hâlde we graach. Mar nochris, de sifers sizze net alles, we teste minsken yn de soarch dy't klachten hawwe. Ast minsken fregest oft se ien kenne yn de famylje of freonerûnte, kenne se faak net ien mei it coronafirus. Gelokkich is it hjir yn it Noarden net op grutte skaal."

Wat sil Rutte melde?

Lykas hiel Nederlân wachtet er ek mei spanning op de parsekonferinsje dizze woansdeitejûn, wat premier Rutte sizze sil. Der is hoop op ferromming fan de maatregels. "Earst is der noch oerlis mei ús foarsitter, de hear Buma, en der is ek noch krisisberied. We moatte geduld hawwe wat derútkomt."

Hy tinkt dat it kabinet mei in oar boadskip komt. "Fan bliuw thús nei gean derop út, mar doch dat konform de hygiënemaatregels, dat we dus op wei gean nei mear romte, mar wol mei de oardelmeter ôfstân."

Hy warskôget wol dat maatregels weromdraaid wurde kinne as minsken har der net oan hâlde. "Dus sprek elkoar derop oan."

Wim Kleinhuis

Trefwurden: 
GGD coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)