Gemeente Ljouwert warskôget foar nepmails

06 maaie 2020 - 11:22

Yn de gemeente Ljouwert geane nepmails rûn. In tal ynwenners hat in mail krigen. Dêryn wurdt minsken opdroegen in iepensteande rekken fan de gemeentlike belestingen te beteljen. De gemeente warskôget dy rekken net te beteljen, want se binne net fan de gemeente.

Foto: Pixabay

De ôfstjoerder is in oplichter dy't him foardocht as gerjochtsdoarwarder Euroloans en partners. Wa't in mail krigen hat, moat de link net iepenje.

Mochten je wol al betelle hawwe, dan moatte je oanjefte dwaan by de plysje seit de gemeente.

Trefwurden: 
Ljouwert nepmails
(advertinsje)
(advertinsje)