Mear as 400 akteurs op online audysje foar musical De Tocht

06 maaie 2020 - 11:00

Foar de online audysjes fan de musical 'De Tocht' is in hiel soad belangstelling. De foarstelling giet oer de Alvestêdetocht. Oant no ta ha mear as fjouwerhûndert akteurs en aktrises harren oanmeld, wêrfan 110 foar de haadrollen.

Foto: Foppe van der Veen

"Wy hiene wol ferwachte dat der in soad akteurs entûsjast wêze soene foar in rol yn De Tocht, mar wy binne foaral ûnder de yndruk fan it hege nivo fan de ynstjoeringen", seit regisseur Tjerk Kooistra. "It pikefel stiet hast altyd op de earmen by it besjen fan de filmkes. De audysjes komme út alle provinsjes, fan regionale helden oant winners fan ynternasjonale Musical Awards. It is krekt in snobbersguodwinkel foar ús as kreatyf team."

Haadrollen

Foar de haadrollen ha 110 minsken in fideo makke dêr't se in ferske yn sjonge. Op basis dêrfan wurdt in seleksje makke foar de folgjende ronde. De organisaasje wol dizze ronde wol it leafst fysyk by inoar komme.

"Het online auditeren is een uitkomst in deze gekke tijd, maar uiteindelijk wil je de energie ook live voelen. Dus we denken nu al na, hoe we de audities op locatie in juni, op een veilige manier kunnen laten plaatsvinden", seit kreatyf produsinte Madelène van Beuzekom.

Tjerk Kooistra

Foto: De Tocht

Omrop Fryslân folget de ûntwikkelingen fan it teäterstik. Yn maart stelde de organisaasje fan De Tocht 16.868 'startbewizen' beskikber. En om ynspiraasje op te dwaan hawwe de regisseur, skriuwer, komponist en koreograaf harren ferline jier in wike lang ûnderdompele yn de alve stêden fan Fryslân.

Der wurdt noch hieltyd socht nei figuranten foar De Tocht, hjir kinst dy oanmelde.

Trefwurden: 
De Tocht teaterstik audysje
(advertinsje)
(advertinsje)