Piet Postma makket boek oer 160 gevelstiennen fan Frjentsjer
Piet Postma fan Frjentsjer hopet dat de ynwenners fan syn stêd ris faker by de muorren omheech sjogge. Yn Frjentsjer binne nammentlik in soad gevelstiennen te finen. Hy hat der in boek oer skreaun, dat hy takom moanne yn eigen behear útbringe sil: Gevelstenen in Franeker, een keihard bewijs van een rijk verleden.
Piet Postma hat yn syn ûndersyk 160 gevelstiennen yn Frjentsjer fûn. "Dat is ek mear as ik sels tocht hie. Ien wiisde my op in Facebookgroep en sa bin ik der bykaam. Minsken sette foto's op Facebook en in oar wit wer wat te melden oer de betsjutting."
"Froeger wiene der gjin hûsnûmers, dus joegen minsken dy't wat jild hiene it hûs wat mear cachet troch der in stien yn te pleatsen. En dat joech soms ek de betsjutting fan it berop, as der in herberch of in kapper siet", fertelt Postma. It gebrûk stamt út de 16e oant 18e iuw.
Gevelstenen in Franeker, een keihard bewijs van een rijk verleden komt op 6 juny út.