Sander Arends ferwachtet net folle mear fan tennisseizoen: "Ik ben niet positief"

06 maaie 2020 - 09:00

De topsportkalinder fan 2020 is in rommeltsje: fuotbalkompetysjes lizze stil of binne - lykas yn Frankryk en Nederlân - al definityf klear. It hurdfytsseizoen is sa drok dat de grutte rondes fan Spanje en Italië inoar yn oktober oerlaapje. En ek it toptennis leit oer de hiele wrâld stil. De eardere nûmer 1 fan de wrâld Rafael Nadal hat witte litten der serieus rekken mei te hâlden dat it seizoen 2020 no al foarby is. Hoe belibbet tennisser Sander Arends fan Ljouwert dizze tiid?

Sander Arends - Foto: Orange Pictures

Oft it seizoen yndie al oer is, doart Arends net te sizzen."Het is voor iedereen een beetje koffiedik kijken. Alle restricties over de hele wereld moeten eerst opgeheven zijn voordat het internationale tenniscircuit weer op gang komt. Als er geen vaccin is zullen landen denk ik niet het vrije reizen opengooien." It is ekstra lestich, omdat it tennis in mondiale sport is."Het probleem is dat we week na week van continent naar continent reizen, iedereen moet overal vandaan komen."

Neffens de Ljouwerter makket it net sa folle út wannear't de beslissing oer it wol of net trochgean fan toernoaien makke wurdt. "Ik denk dat het voor de spelers in principe niet heel veel uitmaakt, wij zijn straks al blij als we enige toernooien kunnen spelen." Hy ferwachtet der net folle fan. "Ik ben niet positief dat er nog veel getennist gaat worden."

Wer oan it trainen

Arends is yn België, en kin woansdei foar it earst yn tiden wer ris traine. "De banen hier zijn deze week geopend, en als het goed is ga ik over anderhalf uur mijn eerste balletje weer slaan, na zeven weken. Verder heb ik fysiek heel veel gedaan, qua algemene fitheid gaat het erg goed, maar sportspecifiek heeft alles stilgelegen, dus heb je wel even tijd nodig dat weer op te pakken."

Sander Arends

(advertinsje)
(advertinsje)