Fideodeiboek fan twa vloggers: "Ik ga haar verrassen met het nummer Nina Bobo"
Se wie earst wat senuweftich, mar dêrnei fûn se it prachtich: frou Kannegieter, ynwenner fan soarchsintrum De Herbergier yn Harns, krige in privee-optreden fan Sander Metz. Hy song it ferske 'Nina Bobo', har favorite ferske dat se song mei har man. It momint waard fêstlein yn in vlog troch Sander Metz en Ans Visser fan De Herbergier.
Sander Metz & Ans Visser
Mear vlogs fan Sander Metz, Ans Visser en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.

Ans Visser
Ans Visser út Sint-Anne is tegearre mei har man eigener fan Herbergier Harlingen, in wenfoarm foar minsken mei demintens. Visser fertelt yn it Biltsk oer de soarch foar de bewenners, dy’t ferlet ha fan in fêste struktuer. Sy sil yn de fideo’s besykje sjen te litten hoe’t se de bewenners in noflike dei jaan kin.