Topkok Jan Smink komt mei primeur: drive-thru foodtruckfestival yn Wolvegea

06 maaie 2020 - 07:33

It restaurant fan Jan Smink yn Wolvegea kin troch de coronakrisis gjin gasten ûntfange, dus komt de topkok mei in nij inisjatyf: in drive-thru foodtruckfestival. Hy wol dat dwaan op 15 maaie op it parkearterrein fan Van der Valk yn Wolvegea, fan 12.00 oant 20.00 oere.

Foto: Omrop Fryslân

"Mensen kunnen van tevoren een ticket bestellen en dan krijgen ze een vast menu met eten drinken," fertelt Jan Snink. "Ze komen aangereden op het parkeerterrein van Van der Valk en rijden bij de foodtrucks langs en dan kan je het meenemen, of ze doen de kofferbak open en dan zetten we het daar in."

Hy krige it idee hjirfoar doe't er frege waard om mei syn foodtrucks nei Brabân te kommen. "Maar daar heb ik geen tijd voor, dan organiseer ik het liever zelf." Hy hat tsien foodtrucks yn behear.

Hy docht it net inkeld om wat te dwaan te hawwen. "Je bent weer even in the picture, maar dit kan natuurlijk niet de omzet van de hele coronaperiode goed maken."

It is noch in hiele organisaasje om alles neffens de regels fan it RIVM te dwaan. "Er mogen maximaal vijf auto's per kwartier komen, we werken met tijdslots. We hebben plattegronden gemaakt en tijdens het wachten is er livemuziek, we willen een leuke dag neerzetten. Mensen kunnen ook de auto laten wassen, zo moet je iets bedenken."

Jan Smink

(advertinsje)
(advertinsje)