Buskolleksje hat nij ûnderkommen yn Sonnegea, mar de iepening moat noch

De Openbaar Vervoer Collectie Nederland hat in nij ûnderkommen yn Sonnegea. Allinne de iepening dy't ôfrûne sneon op de planning stie, koe fanwegen it coronafirus net trochgean. De stichting dy't de kolleksje beheart, hat ta doel om klassike autobussen op de dyk te hâlden. Sy neame it sels harren 'ridend museum.'
It autobusmuseum 'Openbaar Vervoer Collectie Nederland' yn Sonnegea © L. van der Broek
De kolleksje hat net in fysyk besikersplak lykas musea dat wol hawwe. Mar de bussen wurde ynset by bygelyks brulloften, eveneminten en oare aktiviteiten foar leafhawwers.
It grutste part fan de bussen stie yn Aldeberkeap, mar fan needs moast de stichting op syk nei in nij plak. En dat is fûn yn Sonnegea. Op 2 maaie soe de iepening fan it museumpân wêze, mar fanwegen it coronafirus is dat net slagge. It museum is fan doel om letter noch in iepening te hâlden.

Ridend museum

De Openbaar Vervoer Collectie Nederland is it resultaat fan in gearwurking tusken trije museumstichtingen. Stichting Youngtimerbussen, Stichting Autobus Behoud en de Stichting Standaard Streekbus binne yn 2018 byinoar kaam ûnder dizze nije namme.
De kolleksje bussen en ûnderdielen stie de ôfrûne jierren op ferskate plakken yn it lân. It measte stie wol yn Fryslân, de grutste stallingslokaasje wie yn Aldeberkeap. De ferhierder yn Aldeberkeap hie lykwols oare plannen mei syn stalling. Dêrom moast OVCN op syk nei in nij plak.

Sonnegea

Ien fan de bestjoersleden wennet yn de Stellingwerven en krige fia fia te hearren dat in eigener syn loadsen yn Sonnegea kwyt woe. Fuortendaalks is kontakt socht en de eigener fûn it in moaie nije bestimming foar syn loadsen. Yn augustus is OVCN eigener wurden fan de loadsen mei bûtenterrein. Dêr is plak foar 25 bussen.
De kolleksje fan OVCN bestiet út goed 20 bussen. Foar it grutste part binne dat de wat jongere bussen, fan nei de jierren 50. It wie noch in poepetoer om alle bussen yn Sonnegea te krijen. Guon koene der gewoan nei ta ride, mar oare bussen binne noch net rydfeardich. Frijwilligers hawwe der wiken mei dwaande west.
De stichting besiket de bussen safolle as mooglik op de dyk te hâlden. Der wurde ek autobussen restaurearre. Op it nije ûnderkommen yn Sonnegea is dêr alle mooglikheid ta, want dêr is in spesjaal wurkplak ynrjochte dêr't trije bussen tagelyk opknapt wurde kinne.
"We zijn er in alle opzichten op vooruitgegaan", fertelt Thijs van de Bles fan de stichting. "Niet alleen qua stalling, maar ook qua werkplaats. En we hebben nu een heuse kantine, een kantoor, en toilet en douche en een schoonmaakhok. Maar het belangrijkste is dat we nu eigenaar van het pand zijn, dus niet meer afhankelijk van derden."
De iepening ferpleatse se nei takom maitiid.
Thijs van de Bles fan de stichting