Coronanijs fan 6 maaie: Yn totaal 524 besmettingen, ferromming fan kabinet

06 maaie 2020 - 16:50

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Neffens de lêste sifers binne der yn Fryslân 63 minsken ferstoarn oan it firus, en der binne 524 besmettingen fêststeld;
  • Der lizze 18 minsken op de intensive care yn Fryslân, dêrneist lizze der 15 coronapasjinten op oare ôfdielingen;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch op de kaart foar de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:42
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan woansdei 6 maaie oer it coronafirus. Tank foar it folgjen fan dit liveblog. Woansdeitemoarn is der wer in nij liveblog mei dêryn it lêste coronanijs.

20:55
Nei 1 juny gjin mûlkapke op yn de bus? Dan riskearrest in boete

It kabinet hat ek bekendmakke dat wa't nei 1 juny yn it iepenbier ferfier net in mûlkapke op hat, it risiko rint op in boete. Dy mûlkapkes moatte op om't it net mooglik is om oeral 1,5 meter ôfstân te hâlden yn bussen en treinen. Minsken moatte sels mûlkapkes keapje of meitsje, se wurde net troch it regear ôfjûn. De medyske maskers bliuwe foar it soarchpersoniel.

Foto: Shutterstock
20:06
Ferromming fan coronamaatregels: dit is it stappeplan fan it kabinet foar de simmer

Premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge hawwe woansdeitejûn yn in parsekonferinsje in 'rûte' bekendmakke foar de simmer. Yn dat stappeplan wurde in soad maatregels stadichoan ferromme. It giet oer it ûnderwiis, de hoareka, it iepenbier ferfier en tal fan oare sektoaren. Wol seit de minister-presidint mei klam dat it ûnder foarbehâld is fan hoe't it firus him hâldt.

Sjoch hjir it folsleine stappeplan mei alle maatregels.

Foto: ANP
18:49
Ekstra útstjoering 'Fryslân Hjoed'

Om 18.58 oere is der by Omrop Fryslân in ekstra útsjoering te sjen fan Fryslân Hjoed. Dêryn is de parsekonferinsje te folgjen fan it kabinet oer it coronafirus mei dêrnei de earste reaksjes út Fryslân. Dit is live te sjen op telefyzje, radio en ynternet. Wy prate oanslutend mei Wim Kleinhuis, direkteur fan Veiligheidsregio Fryslân. Yn de parsekonferinsje wurdt nei alle gedachten dúdlik oft guon coronamaatregels ferromme wurde of net.

De útstjoering is krekt foar sânen hjir te folgjen.

18:17
Nije datum Roze Zaterdag yn Ljouwert

Stichting Roze Zaterdagen Nederland hat in nije datum bekendmakke foar de Roze Zaterdag dy't yn Ljouwert op de planning stiet. Dy soe eins op 20 juny wêze, mar fanwegen it coronafirus giet dat net mear troch. No moat de Roze Zaterdag op 19 juny 2021 hâlden wurde yn de Fryske haadstêd.

Foto: Stichting Roze Zaterdagen Nederland
16:42
Mooglik mûlkapkes yn it iepenbier ferfier

Der geane lûden dat ien fan de maatregels dy't it kabinet woansdeitejûn bekendmeitsje sil is dat reizgers yn it iepenbier ferfier ferplichte in mûlkape op hawwe moatte fan 1 juny ôf. Dat meie ek net-medyske mûlkapkes wêze. Treinen en bussen ride ek wer mear fan 1 juny ôf. Sûnt maart wurdt der benammen riden foar needsaaklike ritten, lykas foar minsken mei saneamde 'fitale beroppen'.

16:02
CBR-eksamens

It CBR (Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen) set fan 11 maaie ôf wer útein mei de praktykeksamens foar bromfytsen en op in letter momint ek mei it 'motorexamen voertuigbeheersing.' It moat wol barre mei de 1,5 meter ôfstân. It is noch net bekend wannear't de oare praktyk- en teory-eksamens wer begjinne kinne.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)