Camping De Bosrand yn Aldemardum hat eigen sanitêr by de plakken en dat lûkt gasten

06 maaie 2020 - 06:40

It binne benammen de fûgels dy't leven meitsje op camping De Bosrand yn Aldemardum. De gasten dy't manmachtich kaam binne, sitte meastentiids binnen yn har karavan of tinte. It is hast oft it in gewoan jier foar de eigeners is. En dat stekt har dochs wol in bytsje. Want ja, se draaie omset. Mar de oare kant is dat minsken oproppen wurde om thús te bliuwen en se der dochs op útkinne.

"Wy ha in oantal jierren lyn besletten te ynvestearjen yn eigen sanitêr by plakken. Minsken wolle lúkse", seit Anneke van der Veen. Sy hat mei har man Sjouke de camping yn Aldemardum. "Thús wenje je ek net mear as yn de jierren 60, dus mei it ek fansels." Dy ynvestearring fan doe docht no fertuten. Ut it hiele lân wei komme minsken mei de caravan nei de camping ta.

In heit stiet mei twa soannen de ôfwask te dwaan. Op de eftergrûn yn in lyts hokje njonken de caravan kinne je hearre dat mem ûnder de dûs stiet. "It is hearlik om der efkes út te wêzen. En it is fantastysk dat we hjir alles by de hân hawwe", seit de heit. De teedoek komt wer yn de hân om it lêste bytsje ôf te drûgjen.

"Doe't alles begûn reinde it earst ôfsizzingen," seit Anneke van der Veen. "We krigen telefoan fan in gast dy't by de grins stie en weromstjoerd waard."

It binne de Dútsers dy't meastentiids de lúksere chalets hiere. It gat yn de reservearringen waard al gau opfolle: "Fan moarns healwei achten ôf oant jûns healwei alven bin ik dwaande mei it beäntwurdzjen fan fragen en it meitsjen fan reservearringen. De Dútsers komme graach, mar boeke no foar letter dit jier."

Foto: Omrop Fryslan

Der binne ek minsken út it suden kaam, Brabanners. Anneke van der Veen: "Sy belje ús op en freegje oft se wolkom binne. Dan wolle se it leafst in grut plak ha mei eigen sanitêr. Sy ha folle better as wy troch hoe belangryk it is no net te ticht op inoar te sitten." It is net dat de gesellichheid ferdwûn is: "Nee, je sjogge op de fjilden minsken soms yn in rûnte sitten. Op romme, dus mear as oardel meter, ôfstân fan inoar."

Ien fan de gasten draait de woarsten op syn skottelbraai nochris om. Hy komt út Limmen, by Alkmaar: "Ik wist niet dat het hier zo mooi kan zijn. Alle heuvels, de bossen en het water. Prachtig, je waant je in het buitenland." Hy is hjir mei syn húshâlding om de krekt kochte caravan te testen: "Dat kan nu mooi even. Als het lukt en kan gaan we dan deze zomer wat verder weg. Zo niet dan zijn er dichtbij mooie alternatieven."

Der binne plannen om de camping fierder út te wreidzjen. "We ha alle fergunnings binnen mar wachtsje earst noch eefkes. Pas nei de simmer gean we los. Earst sjen wat dit bringt," seit Sjouke van der Veen. Oant dat momint ha se drokte genôch. Har studearjende bern binne no tydlik wer thús. En dat is wol handich sa seit Anneke: "Dy kinne dan moai foar it iten soargje."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma seach op de camping

By de resepsje is alles al ynrjochte foar it nije 'gewoan'. - Foto: Omrop Fryslan
(advertinsje)
(advertinsje)