Bernedeiferbliuw wer iepen: coronaregels benammen foar de folwoeksenen

Ofstân hâlde yn it bernedeiferbliuw is ûnmooglik, seit Nienke Bokma fan Sinne Kinderopvang. Sy wurket as pedagogysk spesjalist op de lokaasje Plataanstraat yn Ljouwert en is drok dwaande mei de lêste tariedingen om takom wike wer iepen te kinnen.
Bernedeiferbliuw 2
Nettsjinsteande de risko's binne se der wiis mei dat se wer iepen meie. "Wy wiene allegearre wol hiel bliid, want wy meie wer iepen. It is ek wol spannend, want it is aanst hiel oars as dat it wie. Wy moatte wol oare dingen organisearje. Dêr hawwe je it mei-inoar oer, hoe't dat moat. Wy sjogge wol dat it wichtich is dat de bern wer nei de opfang kinne."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Kontakt mei bern

Mar ôfstân hâlde fan de bern is net mooglik, want bern hawwe ferlet fan kontakt. "De jongste bern hawwe dat sá nedich, dêr ûntkomme je net oan. De feiligens stiet wol foarop. Mar it belang fan it bern komt dêr boppe-op. In lyts bern moat ferskjinne wurde of in berntsje falt en moat treaste wurde. Dy ôfstânsregel, dy slagget net by ús."

Belied foar folwoeksenen

Dêrom is it belied fan Sinne Kinderopvang mear rjochte op de âlden, leit Bokma út. "It giet benammen oer it kontakt tusken folwoeksenen. Alden komme net mear yn it gebou. Wy prate mei se ôf dat se de bern oant it stek bûten ta bringe meie. De oerdracht is dus koart. Digitaal is der oerlis, wy kinne fia de telefoan in soad oerbringe. Mar op de opfang sels sa min mooglik kontakt. Wy fange de bern op en nimme se mei nei binnen ta."
En dat sil grif efkes gek wêze, jout Bokma oan. "Ik tink dat it foar de âlden ek gek is om de bern sa oer te jaan. Dat is hiel oars as dat it wie. It freget ek wat fan ús meiwurkers, dy moatte âlden en bern ek goed begeliede. In lyts berntsje kinst noch yn de buggy of maxi-cosi sette. De heit of mem kin dy delsette en nei efteren rinne, sa't de meiwurker it oernimme kin. Mar mei gruttere bern moatte wy sjen wat in goede regeling is."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Nienke Bokma fan Sinne Kinderopvang