Cambuursupporters fiere woansdei opnij aksje foar harren fuotbalklup

05 maaie 2020 - 21:25

Supporters fan SC Cambuur sille opnij aksjefiere foar harren fuotbalklup. Fanklup Kern van Cambuur sil woansdeitemiddei, by de Aldehou yn Ljouwert, in replika fan de kampioensskaal oanbiede oan sintrale ferdigener Erik Schouten. Dat dogge sy fanwegen it koart pleit fan de Ljouwerter klup tsjin de KNVB oankommende freed.

Foto: OrangePictures

Earstedifyzjeklups SC Cambuur en De Graafschap binne in spoedproseduere start om dochs noch promoasje nei de earedifyzje ôf te twingen. Dy tsjinnet kommende freed yn rjochtbank Midden-Nederlân yn Utrecht. De Cambuursupporters sjogge mei spanning nei it koart pleit en hoopje dat harren klup dochs noch promovearje kin.

Ofrûne freed fierden de supporters ek aksje. Minsken mochten mei de auto troch it stadion ride, as se in donaasje diene foar de jurydyske kosten, dy't de striid om promoasje nei de earedivyzje mei him meibringt. Minsken dy't in donaasje diene, krigen dêr in sticker foar. "Cambuur komt eraan", stie derop. De aksje smiet goed 45.000 euro op.

(advertinsje)
(advertinsje)