Kappers wolle graach wer iepen, mei pleksyglês of net

05 maaie 2020 - 20:56

Om't it kabinet mooglik de coronamaatregels ferromje wol, hawwe ek de kappers de hope dat sy ynkoarten wer knippe meie. Kapster Aly-Marij fan Ljouwert: "Eltsenien wol it leafst sa gau as mooglik wer knipt wurde."

Kappers binne klear om iepen te gean - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Aly-Marij hat de hope dat se ynkoarten wer úteinsette kin, mar de kapster wol ek net op de saken foarútrinne. "Ik hoopje it, mar wy binne ôfhinklik fan wat sy sizze", seit de kapster oer de maatregels fan it kabinet.

Doe't Rutte op 21 april al inkelde maatregels ferromme, wie der ûnder de eigeners fan kapperssaken ek deselde hope om aanst wer iepen te gean. Dat sy doe noch hieltyd ticht bliuwe moasten, wie foar Aly-Marij in teloarstelling.

Hygiëne

Mocht it ditkear wol trochgean, dan sil se har klanten knippe yn de nij opknapte salon. Mei desynfektearjende hângel en mûlkapkes foar personiel én foar klanten, hopet Aly-Marij it hygiënysk te hâlden. "Wy sille se sawiesa om hawwe", seit se oer de mûlkapkes.

"Wy litte it oan de klanten oer oft sy dat wolle." De stuollen steane minder as oardel meter útinoar, mar dat sil Aly-Marij mei pleksyglês oplosse. "Alles is hielendal himmele, dus wy wolle wer los. Wy wolle wer knippe."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn gesprek mei Aly-Marij

(advertinsje)
(advertinsje)