Brânwacht hyst wurge ko út de sleat yn Oerterp

05 maaie 2020 - 19:14

De brânwacht waard tiisdeitejûn oproppen foar in ko yn de sleat yn Oerterp. It bist stie yn it wetter neist de Fahrenheitleane op yndustryterrein Drachten-Azeven.

De brânwacht slagge deryn it ferswakke bist út de sleat te hisen. De ko waard troch de eigener ophelle om wer op krêften komme te kinnen.

Trefwurden: 
Oerterp ko sleat
(advertinsje)
(advertinsje)