"Jansje en Benjamin zitten nog altijd in mijn gedachten"

05 maaie 2020 - 19:28

It is in foto sa't der in hiel soad binne: twa bern posearje leaf laitsjend foar de kamera. Mar dizze foto hat in ekstra diminsje. Jansje en Benjamin binne net lang nei't se op de foto kamen ôffierd en op 23 novimber 1942 omkaam yn Auschwitz.

Jansje en Benjamin Pais - Foto: Tresoar

It is in in ferhaal dat Annie Visser fan Harns altyd bybleaun is. Sy wenne as bern tichtby de famylje Pais: har famylje wenne op de Harnzer Noarderhaven, de húshâlding Pais op de Suderhaven.

"Het was een fijn gezin", seit Visser oer de famylje fan Jansje en Benjamin. Op it momint fan de foto, wiene de bern 8 en 10 jier âld. "Het was hetzelfde gezin als dat van ons."

Visser wit har it grutte hûs fan de famylje Pais ek noch altiten foar de geast te heljen. Sa fertelt sy oer harren wurkpleats: in prachtich plak foar de bern om te boartsjen. Yn de oarlochsjierren wie de heit fan Jansje en Benjamin dêr al net mear oan it wurk: dat waard troch de besetters ferbean.

Foto: Annie Visser

Eins mochten Jansje en Benjamin ek net by de Vissers op besite komme. Mar de mem fan Annie Visser fersette har dêrtsjin. "Mijn moeder zei: komen jullie maar gerust binnen, die ster hang ik wel aan de binnenkant van je jas."

Wolkom by de famylje Visser

De stjer sei har earst dan ek net safolle, seit Visser. "Maar op een gegeven moment hoorde je dat ze de niet een winkel binnen mochten. Ze mochten niet naar het park, niet bij mensen thuiskomen, en niet naar school. Dan ga je afvragen natuurlijk waarom." Dêr koene Visser har heit en mem gjin antwurd op jaan en noch altiten wiene Jansje en Benjamin tige wolkom by famylje Visser.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Op in dei as alle oaren woene Visser en har suske boartsje mei Jansje en Benjamin. Mar by it grutte hûs fan de famylje Pais koene sy de bern net langer treffe. Visser en har suske hiene earst noch neat yn de gaten. Se troffen in man dy't it harren fertelde. Visser: "Die zei: 'ze zijn opgehaald.'"

Yn Auschwitz om it libben brocht

Fan harren âlden hearden Visser en har suske wat dat betsjutte: dat de famylje troch de Dútsers oppakt wie. Letter soe blike dat Jansje en Benjamin op 23 novimber 1942 yn Auschwitz om it libben brocht binne. Yn it lege hús fan de famylje Pais kamen nije minsken te wenjen.

"Dat waren misschien NSB'ers die daarboven kwamen wonen." Visser seach dat oare bern doe mei de pop fan Jansje en mei de bal fan Benjamin boarten.

"Nooit helemaal weg'

Jansje en Benjamin binne noch altiten yn Visser har tinzen. "Met mooie tijden en met slechte tijden komt dat altijd weer boven. Het is eigenlijk nooit helemaal weg."

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Annie Visser oer Jansje en Benjamin Pais

(advertinsje)
(advertinsje)