Fideodeiboek: "Teäter is just yn dizze tiid en nei de corona hiel wichtich om inoar wer op te sykjen"
Gelokkich leit net al it wurk fan teäterregisseur Janneke de Haan stil. Yn har vlog foar de rige 'Berjochten út it hert' lit Janneke sjen hoe't se efter de skermen dwaande binne mei de lokaasjefoarstelling 'Rjocht oer it wetter'.
Janneke de Haan
Mear vlogs fan Janneke de Haan en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.

Janneke de Haan
Janneke de Haan is freelance teäterregisseur en makket (muzikale) lokaasjefoarstellingen. Janneke wennet yn Drachtsterkompenije mei har freon en twa hûnen Eddy en Dave. Sy genietet alle dagen fan har plakje op de romte, dat genôch ynspiraasje biedt foar har kollums.