Coronafirus fêststeld by bewenner fan asylsikerssintrum yn Snits

05 maaie 2020 - 18:39

By in bewenner fan it asylsikerssintrum yn Snits is it coronafirus fêststeld. Dat meldt in wurdfierder fan it COA (Centraal Orgaan opvang asielzoekers).

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De persoan is yn it azc sels yn karantêne pleatst. Neffens de wurdfierder wurdt woansdei bekend oft der fierdere maatregels nedich binne. Yn it azc yn Snits wenje hast 600 minsken.

(advertinsje)
(advertinsje)