Dichteres Cato Donker bringt oade oan de soarch op Befrijingsdei

05 maaie 2020 - 17:41

Dichteres Cato Donker fan Noardwâlde bringt op dizze Befrijingsdei in oade oan de soarch. Se docht dat sa as gebrûklik foar har op in poëzyboerd, dat se yn har foartún set hat. "Men beseft niet dat zorgverleners werken in het hol van de leeuw, met gevaar voor eigen leven. Daar heb ik zoveel bewondering en waardering voor."

It gedicht bestiet út twa dielen. Op it iene boerd stiet de tekst, op it oare in skilderij fan in liuw. Se ûntbleatet it mei opsetsin op Befrijingsdei: "We leven in een bevrijd land. We zijn vandaag 75 jaar vrij. Maar het is wel een heel andere bevrijdingsdag. Dat vond ik wel een heel mooi contrast."

De measte wurken fan Donker steane oeral troch de gemeente Weststellingwerf hinne, mar dizze hat se yn de eigen tún setten. Dat komt ek troch it coronafirus. Sa wol se ek net ûnnedich de doar út. Se hopet dat elkenien dy't it der stean sjocht, der stipe út helje kin. "Ik hoop dat ze voelen dat ze gewaardeerd worden, dat dit nogmaals een hart onder de riem is. Dat ze toch hun werk willen en kunnen voortzetten, ondanks dat we angstig zijn. Ik vind het heel fijn als mensen uit de zorg dit lezen, dat het ze mag raken. Dat ze ook voelen dat er een diepe buiging voor ze gemaakt wordt."

(advertinsje)
(advertinsje)