Ynkoarte BinckBank Tour set dit jier net útein yn Dokkum

05 maaie 2020 - 17:35

De start fan de BinckBank Tour giet dit jier oan Dokkum foarby. De Grand Départ wurdt ferpleatst nei 2021. Dêrneist hat de organisaasje de hurdfytswedstriid oer meardere dagen troch België en Nederlân ynkoarte: de toer is dit jier fan 29 septimber oant en mei 3 oktober en telt fiif yn plak fan sân etappes.

Dielnimmers oan in eardere BinckBank Tour, op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

Troch net yn Dokkum útein te setten, kin de karavaan makliker rjochting súd-Nederlân en België ôfsakje, meldt de organisaasje. De start sil yn 2021 wol yn Dokkum wêze.

Oarspronklik soe de BinckBank Tour ekstra gewicht jaan oan de Admiraliteitsdagen, dy't oan de tsiende edysje ta wie. Doe't dy net trochgiene yn ferbân mei it coronafirus, stie ek de organisaasje fan de BinckBank Tour faai.

Wethâlder Pytsje de Graaf fan de gemeente Noardeast-Fryslân fynt it spitich dat de start dit jier net yn Fryslân is, mar is tagelyk ek wiis mei de tasizzing dat dat takom jier wol sa wêze sil.

(advertinsje)
(advertinsje)