Corné van de Erve: "De horeca kon binnen 20 minuten sluiten. Leuke uitdaging om binnen 20 minuten weer te openen"

05 maaie 2020 - 16:35

It kabinet ferrommet mooglik de maatregels foar de hoareka. Yn Den Haag gean gean geroften dat Rutte woansdeitejûn yn in parsekonferinsje melde sil dat terrassen en strântinten mei yngong fan 1 juny ôf wer iepen meie.

Popeljende hoareka-ûndernimmers

Corne van de Erve, foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland fertelt dat er de hiele dei al tillefoantsjes krijt fan entûsjaste hoareka-ûndernimmers yn de provinsje dy't der al fan oertsjûge binne dat de terrassen en strântinten wer iepen sille. "En dan moet ik dat wel een beetje temperen, want het zijn natuurlijk nog geruchten, want we weten nog helemaal niets. Maar het is wel een fantastisch begin om de horeca weer open te krijgen. Je ziet ook dat gasten al bellen met de vraag of ze al weer kunnen reserveren."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei Corné van de Erve

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Terrassen en strântinten rommer opsette

Hoareka-ûndernimmers yn bygelyks Ljouwert binne al in skoft dwaande mei ideeën om de terrassen rommer op te setten, bygelyks mei in grut terrasseplein. De ûndernimmers wolle graach wer iepen en wolle graach witte wêr't se oan foldwaan moatte. Van de Erve, dy't sels eigener is fan restaurant Lokaal Op Hatsum yn Dronryp, begrypt dat goed. "Premier Rutte heeft wel vaker iets geroepen, waar hij dan toch op moest terugkomen, dus laten we even afwachten, maar wel positief blijven. De plannen die gemaakt moeten worden met de gemeente verwacht ik niet eerder dan volgende week. Kijk, we konden binnen 20 minuten de horeca sluiten, dan lijkt het mij een leuke uitdaging om ook binnen 20 minuten de boel weer te openen."

Mocht it kabinet woansdeitejûn grutte feroarings oankundigje dan komt Omrop Fryslân mei in ekstra útstjoering fan Fryslân Hjoed mei de earste reaksjes.

(advertinsje)
(advertinsje)