In dûbeld gefoel op Befrijingsdei: "Hier moeten we elk jaar weer doorheen"

05 maaie 2020 - 16:34

Annie Stinis-Van Dam (81) fan Ljouwert hat in dûbeld gefoel op Befrijingsdei. Oan de iene kant is se wiis dat der frede is, oan de oare kant bliuwt it gemis fan har heit. "Vlak voor de bevrijding is hij doodgeschoten. Deze dagen zijn moeilijk voor me", fertelt Annie. Moandei stie se by syn grêf en lei se blommen. Dan komme de oantinkens en it fertriet wer nei boppen. "Hier moeten we elk jaar weer doorheen."

Annie Stinis-Van Dam - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Op it Saailân nimt Annie plak op ien fan de bankjes. It plein is hast leech, it coronafirus hâldt de measte minsken binnen. Se sjocht it befrijingsfjoer baarnen op de treppen fan it gerjochtsgebou. Mar frijheid fiere je fan binnen, wit Annie, en dat is net sa.

Har heit Sybrandus van Dam sil nea âlder wurde as 29 jier en nea it befrijingsfeest yn 1945 meimeitsje. "Hij zat in het verzet, deed me aan de bekende overval op de Blokhuispoort en vervoerde wapens in zijn broodkar." Lang wit hy út hannen fan de besetter te bliuwen, mar yn april 1945 giet it mis.

"Ik heb hem nooit meer gezien"

"Ik weet nog dat ze hem van huis kwamen halen. Er reed een auto voor en daar stapten mannen van onder meer de Sicherheitsdienst uit. Mijn vader moest mee, ik heb hem nooit meer gezien."

Sybrandus van Dam - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Van Dam wurdt yn it Burmaniahûs yn Ljouwert opsletten en mishannele en in pear dagen letter, op 11 april, mei nochris 13 mannen fusillearre. Ien fan harren rekket swier ferwûne, hâldt him dea en oerlibbet de oarloch. Van Dam wurdt mei de oare deasketten fersetsmanlju yn in massagrêf by de tsjerke fan Dronryp dellein.

In dei nei de eksekúsje krijt de 6-jierrige Annie te hearren dat har heit der net mear is. Se is iennichst bern en se moat it allinnich ferwurkje. De befrijing fan Ljouwert is op 15 april 1945. "Dan is er geen feest in huis en je naaste omgeving. De dagen erna heeft mijn grootvader het lichaam van zijn zoon moeten identificeren. En hele dagen erna is mijn vader begraven in Huizum."

De tinkstien foar Annie har heit yn Dronryp - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Sa bliuwt Befrijingsdei in "dag van herinnering en verdriet. 75 jaar is lang, maar het lijkt zo kort."

Dan kuieret Annie fierder oer it plein, in lêste blik op it fjoer en dan op hûs oan. Se hat har ferhaal dien, in ferhaal dat nea ophâldt. "Tot ons afscheid van ons leven op deze aardbol zal het een bijzondere dag voor ons zijn: verdrietig en blij", beslút se.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn petear mei Annie Stinis-Van Dam

(advertinsje)
(advertinsje)