Ljouwerter dumpt folsleine húsrie op strjitte

05 maaie 2020 - 15:44

Hanthavers fan de gemeente Ljouwert hawwe tiisdei proses-ferbaal opmakke tsjin in Ljouwerter dy't syn ôffal op strjitte dumpt hat. Offalferwurker Omrin makke melding fan in grutte ravaazje yn de Wijnhornsterstrjitte.

Grutte ravaazje neist ûndergrûnse kontener - Foto: Tweet Handhaving Leeuwarden

Neist in ûndergrûnske kontener leine ferskate ôffalpûden mei in folsleine húsried, in bankstel en in grutte lading laminaat. Nei ûndersyk kaam in fertochte yn byld, dy't yn alle gefallen in strafbeskikking oplein krigen hat fan 390 euro. Mooglik komt it Iepenbier Ministearje noch mei in alternative straf.

(advertinsje)
(advertinsje)