Ryksmonumintaal hûs yn De Spitkeet op De Harkema oantaast

05 maaie 2020 - 14:26

Yn ien fan de húskes fan iepenloftmuseum De Spitkeet op De Harkema is 'houtrot' oantroffen. It giet om it SWA-hûs út 1912, it iennichste ryksmonumint fan De Spitkeet. De môge kaam fan it winter oan it ljocht by in ynspeksje fan de Monumentenwacht en sit yn de dragende konstruksje fan it gebou. It kostet tsientûzenen euro's om de oantaasting te bestriden.

De houtrot is oantroffen yn dit hûske - Foto: Atze van der Ploeg

Werstelwurksumheden

"It is in orizjineel hûs út 1907," fertelt Simon Hoeksma fan it bestjoer fan iepenloftmuseum De Spitkeet. "Der stiet noch sa'n âld hûske út deselde tiid op it park, mar dat is letter ferboud en útboud."

As de môge net oanpakt wurdt, sil it hûske oer in pear jier yninoar sakje, mar it hoecht net akút ferholpen te wurden. Foar de kosten sille se subsydzje oanfreegje en dan it wurk mei frijwilligers dwaan om sa de kosten te drukken.

Subsydzje

De werstelwurksumheden wurde om twa redenen ynpland foar de winter. "Oan de iene kant wolle wy earst subsydzje oanfreegje by de Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed foar't wy oan it wurk kinne. In oare reden is dat wy gjin wurksumheden útfiere litte wolle, as der noch in kâns bestiet dat wy dochs noch de doaren iepenje kinne foar publyk."

In oare reden is dat se gjin ynkomsten misrinne wolle as it museum wer iepen meie soe. Dêr binne se ûnderwilens al drok dwaande mei om oer nei te tinken. "Yn de oardelmetermienskip moatte we net tefolle taffels en stuollen yn de ûntfangsthal delsette en derfoar soargje dat net tefolle minsken tagelyk yn de hûskes komme."

Simon Hoeksma fan it bestjoer fan iepenloftmuseum De Spitkeet

(advertinsje)
(advertinsje)