SP stelt fragen oer mûlkapkesbelied fan provinsje Fryslân

05 maaie 2020 - 18:15

De SP-steatefraksje fynt it ûnferstannich dat provinsje Fryslân selsmakke mûlkapkes foar de soarch oanpriizget. De provinsje publisearre in filmke dêroer op de eigen Facebookside. De SP fynt it net oansluten by de rjochtlinen fan it RIVM.

Foto: Shutterstock

De SP krige in soad besoarge reaksjes nei oanlieding fan it filmke. Minsken fernuveren harren oer de promoasje fan de selsmakke mûlkapkes, wylst it RIVM krekt fynt dat it net genôch beskermet tsjin it coronafirus. De SP hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten en ropt it kolleezje op om harren berjochtjouwing te wizigjen.

"Het is een buitengewoon lastige vraagstelling", leit dokter-mikrobiolooch Anne-Marie van Elsacker fan medysk laboratoarium Izore út. "Als je puur wetenschappelijk kijkt naar hoe een niet-medisch mondkapje beschermt tegen virussen, dan doen ze dat natuurlijk niet goed genoeg. Maar dat betekent niet dat ze helemaal geen toegevoegde waarde hebben in bijvoorbeeld het openbaar vervoer."

Neffens Van Elsacker hat der noch net genôch wittenskiplik ûndersyk west om der dúdlike útspraken oer te dwaan. "Als je een mechanische barrière voor je neus of mond hebt, houdt dat beslist wat tegen. Maar in de zorg moet je er niet met Covidpatiënten mee werken. Het is gewoon een discussie met verschrikkelijk veel facetten."

Dokter-mikrobiolooch Anne-Marie van Elsacker fan Izore

(advertinsje)
(advertinsje)