FNP wol rommere terrassen foar Ljouwerter hoareka

05 maaie 2020 - 12:47

De fraksje fan FNP Ljouwert wol in ferromming fan de terraskapasiteit foar de Ljouwerter hoareka. Dêroer sil de FNP op woansdei oerlizze mei boargemaster Buma en de fraksjefoarsitters fan de gemeente Ljouwert. De VVD-fraksje yn de ried stelde earder ek al fragen oer de mooglikheid foar it útwreidzjen fan de terrassen.

Op it Gouverneursplein wol Galema graach 'mear terras en minder auto's' - Foto: Omrop Fryslân

Mocht it kabinet beslute om de terrassen diels iepen te stellen, dan is it neffens de FNP wichtich om rommere terrassen te brûken. Sa kinne minsken harren oan de oardelmeter-regel hâlde. Boppedat sille minsken minder reizgje as de Ljouwerter hoareka in gruttere terraskapasiteit kriget, tinkt de FNP.

De partij wol dat der in tydlike ûntheffing foar rommere terrassen yn Ljouwert én yn de doarpen fan de gemeente jildt. Ek fynt de FNP dat it de hoareka-ûndernimmers net ekstra hoecht te kostjen.

(advertinsje)
(advertinsje)