Yngewikkelde puzel foar lesjaan oan beukers

05 maaie 2020 - 11:59

Mei noch in wike te gean binne de measte basisskoallen drok mei it opnij ynrjochtsjen fan de skoallen foar de nije werklikheid. Minder bern tagelyk op skoalle en safolle mooglik ôfstân hâlde fan elkoar. En dat is yn de hegere klassen miskien maklik te dwaan, mar hoe lizze je it út oan de beukers?

De stuoltsjes stean noch allegear opsteapele yn it midden fan de klas. Op de Plantaanskoalle yn Ljouwert hawwe se de ôfrûne wiken brûkt om ris goed op te rêden. Juf Gerrie Dijkstra pakt de stuoltsjes ien foar ien op en set se alfêst klear yn de sirkel. Al is dy wol wat lytser as oars. "Der sitte 27 bern yn de klasse, mar we hawwe der foar keazen om se yn twa groepen op te splitsen. Dus trettjin yn de iene groep en fjirtjin yn de oare."

Gjin krûpkes

It is ien fan de dingen dy't Dijkstra yn oerlis mei de kollega's besletten hat om mar safolle mooglik de rjochtlinen folgje te kinnen. Mar dat is by beukers wol yngewikkeld. "We moatte ôfstân hâlde, mar de bern fan fjouwer of fiif fine dat fansels net allegear like maklik. Dy wolle sa no en dan efkes in krûpke, mar dat giet fansels net. Dat moatte de âlders yn it foar goed beprate mei harren bern."

It opsplitsen fan de groepen moat it makliker meitsje. Mar der binne mear maatregels. Sa moat eins al it boartersguod alle kearen skjinmakke wurde as in oar groepke bern dermei oan de slach giet. Dijkstra twivelet noch oft se alles wol stean lit. "De Duplo giet mooglik mar efkes oan de kant, want om no al dy blokjes alle kearen skjin te poetsen. Mar ja, it is wol ien fan de favoriten fan de bern, dus dit wurdt wol dreech."

Dijkstra stiet al fyftjin jier foar de klasse op de Plantaanskoalle. Mar sa'n rare perioade as dizze hat se noch nea meimakke. Lesjaan fan ôfstân oan beukers is makliker sein as dien. "We moasten der rekken mei hâlde dat net elkenien deselde materialen thús hat of de tiid hat om mei de bern oan de slach te gean."

Opfangproblemen nei skoaltiid

Mem Christine Barends fan de fiifjierrige Kenai út de klasse fan juf Gerrie is ek efkes op skoalle om te praten oer de opfang. "De dagen dat Kenai naar school gaat sluiten niet aan bij de vaste dagen bij de opvang, dus de vraag is of dat nog gewisseld kan worden voor volgende week."

It is frjemd foar har om wer efkes op skoalle om te stappen. "Het is voor het eerst sinds de scholen dichtgingen dat ik hier weer ben. En ik ben er niet zo aan gewend om de school zonder kinderen te zien, dus het voelt wel wat gek."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Bliid dat skoallen wer iepengean

Barends is lykwols bliid dat de skoallen wer begjinne. "Het was thuis soms een hele puzzel. Je bent tegelijk juf en moeder en je bent ook nog met je eigen werk bezig. Dat gaat niet altijd goed samen." Hoewol't der noch altyd gjin hûndert persint wissichheid is oer oft de bern op skoalle gjin besmettingen oprinne of ferspriede kinne, hat se der gjin momint oan twivele om har soan wer nei skoalle te bringen. "Je moet toch een keer weer opstarten. Ik vind het ontzettend belangrijk voor Kenai dat hij weer andere kinderen ziet en ik vind het vooral ook heel belangrijk dat het voor de zomervakantie weer op kan starten."

Juf Gerrie Dijkstra hat wol efkes twivele: Ik sit wol yn de groep mei ferhege risiko, dus dat spilet dan wol efkes troch je holle. Mar it wurk is gewoan te leuk om net te kommen. De bern wolle graach wer nei skoalle en ik wol ek graach wer oan de slach. Al wurdt it wol efkes in puzel."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)