Drachtster bedriuw jout helpstikjes foar mûlkapkes fuort oan sikehuzen

05 maaie 2020 - 11:47

De keunststofprodusint Elzinga & Van Der Krieke yn Drachten makket helpstikjes foar mûlkapkes en is fan doel tûzenen dêrfan fergees fuort te jaan oan noardlike soarchoanbieders. It helpstikje soarget foar minder yrritaasje efter de earen fan brûkers dy't de mûlkapkes oeren efterinoar op ha moatte.

It idee om de helpstikjes te produsearjen kaam nei't it bedriuw in soartgelyk produkt op LinkedIn foarby kommen seach. Dat produkt waard makke mei in 3D-printer. It Drachtster bedriuw hat in mal makke dêr't alle 15 sekonden in nij helpstikje út komt, in metoade dy't in stik flugger is. Ek is it ûntwerp noch wat feroare, foar in optimaal gebrûk.

It earste prototype waard sa'n 2,5 wike lyn makke. No streame der tûzenen helpstikjes de dei út de masine. In gouden hannel soene je sizze, foaral yn dizze tiid, mar it bedriuw is fan doel de earste pear tûzen fergees fuort te jaan.

"De earste 500 ha we al ferstjoerd nei in lanlik punt om te fersprieden ûnder sikehuzen. De kommende pear tûzen gean nei de noardlike sikehuzen. Sa wolle wy ek meihelpe mei de krisis", fertelt ko-eigener Marc van der Molen fan Elzinga & Van der Krieke. "It is al swier genôch foar de minsken yn de soarch. Wy wolle graach ús stientsje bydrage."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma seach mei yn it fabryk yn Drachten

(advertinsje)
(advertinsje)