Dronken Ljouwerter ramt meardere auto's

05 maaie 2020 - 11:42

In dronken 35-jierrige fertochte hat moandeitenacht foar in ravaazje soarge yn de Ljouwerter wyk Heechterp. Mei syn auto hie hy dêr meardere auto's rekke.

Om 02.00 oere krige de plysje in melding fan in dronken bestjoerder. De plysje koe de 35-jierrige fertochte oanhâlde op de Ribestrjitte, op basis fan it sinjalemint fan de melder. De man hie doe al fjouwer persoane-auto's rekke dy't op de Magnoliastrjitte en de Schieringerweg parkeard stiene. De fertochte wie ûnderwilens al út syn auto stapt en waard rinnend oantroffen troch de plysje.

Op it buro moast de fertochte blaze: mei 1015 ug/l as útkomst ferlear de man syn rydbewiis.

(advertinsje)
(advertinsje)