FIDEO: Mobile edysje fan it Befrijingsfestival fan Noardewyn Live

De frijheid fiere bart yn Fryslân alle jierren mei it Noardewyn Live poadium yn Ljouwert. Dit jier kin dat net trochgean troch de coronakrisis. Muzikanten kinne fansels wol thús optrede en dus sil presintator Willem de Vries syn mikrofoan op oardel meter ôfstân derby hâlde. Njonken muzyk sille ek ferskate dichters optrede.
De optredens binne de hiele dei op de radio te hearren by Omrop Fryslân, en hjirûnder is it allegearre werom te sjen.