Jorrit Volkers: "Folgjend jier in 75+ edysje fan it Befrijingsfestival"

05 maaie 2020 - 09:55

Befrijingsdei hie dit jier in ekstra spesjale edysje wurde moatten. Om te fieren dat Nederlân 75 jier lyn befrijd waarden fan de Dútske besetters, stiene der tal fan feestlike aktiviteiten op it programma. Troch de coronakrisis gean in soad eveneminten lykwols net troch of binne se bot fersobere.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"Wy fûnen it fansels hartstikke spitich dat dizze edysje fan 75 jier befrijing net trochgiet lykas pland", fertelt Jorrit Volkers fan de stichting Bevrijdingsfestival Fryslân. "Der soenen seis Kanadeeske feteranen nei Fryslân komme, der soe sels in spesjale show holden wurde troch de Luchtmacht en dat giet allegear net troch. Wat wy wol sjogge is dat in hiel soad minsken juster en hjoed de flagge úthawwe en dat is fansels wol hiel moai om te sjen dat it noch altyd hiel bot libbet."

Befrijingsfjoer

It befrijingsfjoer wurdt wol lykas oare jierren oanstutsen. "Ronald Noters bringt it fjoer nei Ljouwert. Hy hie in Joadske pake dy't ombrocht is yn Auschwitz en syn mem hat yn Fryslân yn ûnderdûkt sitten. In lytse delegaasje, mei ûnder oaren kommissaris fan de Kening Arno Brok, sil by it Gerjochtsgebou it fjoer ûntstekke. Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert sil in lytse taspraak hâlde en Elske Dewall sil sjonge."

75+ Befrijingsfestival

"Wy hawwe besletten alles wat we dit jier fan doel wienen te organisearjen om dat takom jier te hâlden. Sa wolle wy dochs stilstean by 75-jier befrijing." Troch it annulearjen fan de aktiviteiten dit jier hat de organisaasje wol in finansjele strop. "Wy hawwe fansels wol útjeften, mar gjin ynkomsten. Dochs hawwe wy wol it betrouwen dat we der mei ús sponsors wol útkomme sille."

Jorrit Volkers

(Advertinsje)
(Advertinsje)