Twa dagen brainstoarmje oer de takomst nei de coronakrisis

05 maaie 2020 - 08:48

Hoe sjocht de takomst der út nei de coronakrisis? In groep maatskiplik belutsen inisjatyfnimmers sil him dêr takom wike tongersdei en freed oer bûge. Dan fynt de allerearste noardlike saneamde Vonketon plak. Dat is in grutte online brainstoarm dy't stilstiet by de krisis en foarútsjocht nei de takomst.

Foto: Vonketon

It kongres dat online plakhat wol wurkje oan in byld fan de takomst nei de coronakrisis. Eltsenien is wolkom om mei te tinken. Fan ûndernimmers, boargers, wittenskippers, studinten oant beliedsmakkers út de trije noardlike provinsjes. Yntusken hawwe 70 minsken har al opjûn. Der is romte foar sa'n 140 dielnimmers.

Fonkjes ferspriede

"Wy wolle fonkjes ferspriede yn de wrâld", fertelt Wini Weidenaar fan de organisaasje. "We wolle saken oanstekke." It doel fan Vonketon is om nije útdagingen en ynnovaasjes dy't yn de krisis ûntstien binne en noch altyd ûntstean te pleatsen yn in takomstperspektyf. "Hoe kinne minsken helpe om de ekonomy en de maatskippij te reparearjen, sadat de regio sa earlik, duorsum en sirkulêr mooglik wurdt?"

"Los fan alle ellinde yn dizze coronakrisis, bringt it ek hiel wat tewei. Wat kinne we no eins fan dizze krisis leare? We sjogge dat guon saken oars kinne. Iten keapje fan tichtby is blykber hielendal net sa yngewikkeld. Lokaal iten is in hiel aktueel tema wurden. En hoe hâldst dat dan no bygelyks fêst en hoe kinne je dat better fasilitearje?"

Duorsume ûntwikkelingsdoelen

Yn totaal sille 17 teams bouwe oan in nij ferhaal oer de takomst fan it noarden. Dy teams wurkje oan 17 doelen. Dit binne duorsume ûntwikkelingsdoelen om fan de wrâld in better plak te meitsjen yn 2030. Dêrby falt te tinken oan fraachstikken as: sille we minder reizgje foar ús wurk, omdat online-kontakt in goed alternatyf is? Wenje minsken út de Rânestêd aansten yn it noarden omdat se der efterkomme dat se ek online wurkje kinne of is online lesjaan diels de oplossing foar de lytse skoallen op it plattelân?

De útkomsten fan de Vonketon brainstoarm sille moandei 18 maaie jûns presintearre wurde fia in livestream. "Wat wy fansels hoopje is dat wy dy saken dêrnei ek realisearje kinne. Wy binne gjin politike ynstelling, dus wy kinne langer as fjouwer jier foarútsjen."

Wini Weidenaar fertelt oer Vonketon

Oanmelde foar de online brainstoarm op 14 en 15 maaie kin fia www.vonketon.org

It inisjatyf fan Vonketon komt ta stân mei stipe fan ûnder oaren provinsje Fryslân, Vereniging Circulair Friesland en Innovatie Pact Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)