Kollum: "Kofjedrinke mei ET"

"Foarige wike joech it Amerikaanske ministearje fan Definsje trije fideo's fan net-identifisearre fleanende objekten frij. Op de lykas altyd yn sokke gefallen suterige bylden is in foarwerp te sjen dat fluch beweecht en om de as draait. In wurdfierder fan de marine hie it oer net-identifisearre ferskynsels yn de loft, omdat de útdrukking UFO neffens him foar betizing soarget. Dêr koe er wolris gelyk oan ha. Want de term UFO is troch de ynfloed fan boeken en films synonym wurden mei besite út de romte.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Bûtenierdsken, aliens dy't yn in fleanende panne of top troch de atmosfear sûzjen komme om hjir de boel troch it gat te sjen. Soms meitsje se in tekening yn in nôtfjild, soms hingje se stil mei harren panne of fleane se in skoft foar in straaljager út. Hoewol't soks in frekt lyts bytsje aktiviteit liket nei lange, yntergalaktyske reizen, is dat genôch bewiis foar in protte minsken om net oan it bestean fan bûtenierdsken te twiveljen.
Ferhalen oer aliens binne populêr yn it 'samenzweringsmilieu'. Sosjolooch Jaron hat dêr in proefskrift oer skreaun. Neffens him is it komplotleauwe âlde religy yn in nij jaske. Sa lykje aliens wol hiel bot op goaden dy't ûneinich fier fuort yn de himel boppe ús wenje. Se wiene der al foar't de minske bestie, ha ús skepen, bemuoie harren op ferburgen wize mei ús libben en sille nei it ein fan 'e tiden oer de minnen oardielje en de goeden in paradyslike wrâld jaan. In taak dy't oars oan God of goaden foarbehâlden wie.
Sadwaande binne komplotsites hartstikke religieus. Net dat dat sa hjitte mei, want religys binne neffens deselde komplotters betocht om minsken ûnder de tomme te hâlden. Gearspanne, 'samenzwering' en new age-spiritualiteit lykje op inoar. Neffens beide bestiet tafal net, is alles mei-inoar ferbûn en is neat wat it liket. Krekt as yn religy is der sprake fan goed en kwea, goede aliens en kweade aliens. De goeden ha fan in tradisjonele ingeleskare, de kweaden fan demoanen. It ferlyk fan âlde religy yn in nij jaske giet noch fierder om't der ek ta aliens bidden wurdt.
Alien-kenner Robbert van den Broeke hat bygelyks deistich kontakt mei bûtenierdsken. Ofrûne wike wie yn in reportaazje te sjen hoe't er bûtendoar de aliens biddendewize om help frege om de 5G-mêsten fuort te krijen. Rituelen as mienskiplike ljochtmeditaasjes falle ek yn dat religieuze kader, om't dy it kommen fan de aliens op ierde befoarderje.
Werom nei de fideo's. By de Amerikaanske marine tinke se sels oan drones as ferklearring foar de ferskynsels. Astronoom Seth Shostak hâldt it op in fout yn it waarnimmingssysteem. Dy waarnimmingen kamen nammentlik nei in systeemupdate. 'En,' sei er, 'sa as elkenien dy't Microsoftprodukten brûkt wol wit: updates jouwe altyd problemen.' Amen, soe ik dêrop sizze wolle. En dan stjoer ik no ET in appke dat de kofje klear stiet."