"Bysûnder dat in kening yn it iepenbier sa wat seit oer syn foargongers"

Kening Willem-Alexander hold moandeitejûn in taspraak by de nasjonale Deadebetinking op de Dam yn Amsterdam. Dat wie bysûnder om't it de earste kear wie dat it steatshaad spruts op in nasjonale betinking, en dan ek noch op in lege Dam. Dat die de kening om't we dit jier stilstean by 75 jier befrijing. It wie in bysûnder persoanlike taspraak. Oranjekenner Bearn Bilker wie derfan ûnder de yndruk.
© ANP
"Ik fûn it in hiel persoanlike taspraak. Hy hie it oer syn eigen gefoel, en syn eigen fragen, en dat makke hy kollektyf troch te sizzen dat we ús dwaande hâlde moatte mei bepaalde fragen. Ik fûn it in hiel knap."
Opfallend wie dat de kening wat sei oer syn oerbeppe, keninginne Wilhelmina. En dat wie net allegearre posityf. "Dat wie hiel opmerklik. Krityk is miskien net it goeie wurd, mar hy sei dat it eins oars moatten hie doetiids, dat it better koe. Histoarisy ha wol de diskusje hân oft Wilhelmina wol genôch wist oer de ferfolging fan Joaden, mar ek nei de oarloch hat se der nea oer praat. Willem-Alexander is sels ek histoarikus, en no hy dêr wat fan sein hat fyn ik dat echt opmerklik."
De kening helle neffens Bilker it foarbyld fan syn oerbeppe oan om de fraach te stellen, wat wy as minsken dogge wannear't wy konfrontearre wurde mei ûnrjocht. "Dat fyn ik sels ek. We betinke in hiel soad, mar dat binne alle jierren wer de ferhalen oer ûnderdûkers en fersetshelden. Mar ek dizze kant mei nei foar komme. de Kening hie it sels oer 'wegkijken'. Der die hy in warskôging foar, doch dat net."
Oan de ein fan syn taspraak hie Willem-Alexander it oer de wearde fan demokrasy. "We moatte ek no net oan de kant stean gean sei hy. Ek no barre der frjemde dingen dy't de demokrasy bedriigje. En hjirmei giet hy fierder as syn foargongers. Neist de persoanlike eleminten, makket hy ek dit wer kollektyf. En dat fyn ik hiel sterk fan ús kening."
Bearn Bilker oer de taspraak fan kening Willem-Alexander