Rebûlje oer wetlike kosten by oername dossiers bewâldfiering

05 maaie 2020 - 12:15

De FNP yn de gemeente It Hearrenfean wol witte wat der oan de hân is mei de oername fan tsientallen dossiers troch twa bedriuwen dy't har dwaande hâlde mei bewâldfiering. Yn desimber is de bewâldfierder Elcx op lêst fan de rjochter ophâlden mei it bystean fan tsientallen húshâldens yn de gemeente dy't ûnder bewâld sitte.

Foto: Pexels.com

De rjochter oardiele earder dat der yn meardere dossiers fan dy húshâldens ûnterjochte fergoedingen ynkassearre binne by de bewâldfiering troch Elcx. Yntusken is der in oar bedriuw dat de dossiers oernaam hat: Confidio út Drachten.

"Dat is skandalich"

De FNP skriuwt nei it kolleezje dat dêrby kosten makke binne dy't no op de húshâldens ferhelle wurde dy't yn de skuldsanearring sitte. "Dat is skandalich", seit FNP-riedslid Alette de Jong. "Minsken dy't yn it trajekt skuldhelpferliening sitte, moatte je net mei mear kosten opsealje."

"De dossiers binne oernaam sûnder dat dy húshâldens dat wisten. Dat stekt ús in bytsje", seit Ate Eijer, fraksjefoarsitter fan de FNP. "Minsken krije tsjintwurdich in oersjoch fan de bewâldfierder, mar sjogge net de bankôfskriften. Jo moatte dus fertrouwe op minsken dy't jo net kenne en op de ferwachting dat sy goed mei jo sinten omgean," fynt Eijer.

Ate Eijer, fraksjefoarsitter FNP Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De Leeuwarder Courant berjochte earder al oer de oername. De krante melde doe dat tsientallen kliïnten fan Elcx foar hûnderten euro's beneidiele binne nei de oername troch Confidio en dat de gemeente dan foar de kosten opdraaie soe. Foar elk dossier soe it om bedraggen tusken de 550 en 560 euro gean. "Dat wurdt earst yn rekken brocht by de kliïnt en as dy dat net betelje kin, dan komt it op it board fan de gemeente", seit Eijer.

"Jammer dat Confidio in kwaad daglicht wordt gezet"

Confidio hat in advokaat yn de earm naam dy't de wurdfiering docht foar it bedriuw. "Het is jammer dat nu juist Confidio in een kwaad daglicht wordt gezet, terwijl dat afleidt fan het feit dat Elcx volgens de rechter het werk als bewindvoerder niet goed gedaan heeft", seit sisman Edwin Groot. It giet neffens de advokaat om wetlike kosten dy't ûntsteane as der in dossier oanmakke wurdt. "Die kosten zijn daar nu eenmaal aan verbonden."

En neffens de advokaat mei in bewâldfierder as Confidio de kosten dan dus gewoan yn rekken bringe. "Een kantonrechter heeft eerder al een uitspraak gedaan dat een bewindvoerder die kosten mag verhalen. Confidio neemt het werk over van een ander, de kosten die daarbij horen mogen zijn dan niet voor Confidio", seit Groot.

Relaasje tusken Elcx en Confidio

In bysûnder detail is neffens de FNP dat der twa minsken by Confidio wurkje dy't earder noch wurksum wiene foar Elcx, it bedriuw dat dus fan de rjochter ophâlde moast mei de bewâldfiering. "It is nijsgjirrich om te sjen nei wat de relaasje is tusken Elcx en Confidio. Wy fine it bysûnder dat dy twa wurknimmers no opnij mei deselde dossiers dwaande binne", seit de fraksjefoarsitter.

De FNP wol fan it kolleezje witte oft it kloppet dat kliïnten net kieze koene foar in oare bewâldfierder en oft de gemeente no foar de kosten opdraaie moat fan it oernimmen fan de dossiers. As dat sa is, wol de FNP ek witte om hoefolle jild oft it giet en oft de gemeente de bedraggen ferhelje sil op de foarige bewâldfierder, Elcx.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders reagearret foarearst net en wol de fragen fan de FNP letter beäntwurdzje.

Ferslachjouwer Timo Jepkema yn petear mei Ate Eijer fan de FNP

(advertinsje)
(advertinsje)