Liveblog | 5 maaie 2020

Coronanijs fan tiisdei 5 maaie: Corona fêststeld yn it azc fan Snits

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus
Lêst bywurke: 2 novimber 2020, 16:17
tiisdei 5 maaie 2020
22:45

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tiisdei 5 maaie oer it coronafirus. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje:
Tank foar it folgjen fan dit liveblog. Woansdeitemoarn is der wer in nij liveblog mei dêryn it lêste coronanijs.
22:04

Miljoen nije tests foar ûndersyk nei groepsymmuniteit

Sanquin sil in miljoen bloedtests ynsette foar ûndersyk nei ymmuniteit tsjin it coronafirus. It rinnende ûndersyk wurdt sa flink útwreide, meldt de bloedbank. Tegearre mei it ministearje fan Folkssûnens hat de organisaasje in miljoen tests ûntfongen út Sina.
It giet om bloedtests dy't de oanwêzigens fan antystoffen tsjin it coronafirus oantoane. Dy tests binne ekstra weardefol, om't se neffens Sanquin trije ferskillende typen antystoffen mjitte. De antystoffen spylje alle trije krekt in oare rol yn it ymmúnsysteem. Mei de tests kin ûnder mear ûndersocht wurde hoe't de sykte him beweecht troch de befolking en leeftydsgroepen.
20:56

Maatregels foar kappers mooglik ferromme

Om't it kabinet mooglik de coronamaatregels ferromje wol, hawwe ek de kappers de hope dat sy ynkoarten wer knippe meie. Kapster Aly-Marij fan Ljouwert: "Eltsenien wol it leafst sa gau as mooglik wer knipt wurde."
Aly-Marij hat de hope dat se ynkoarten wer útein sette kin, mar de kapster wol ek net op de saken foarútrinne. "Ik hoopje it, mar wy binne ôfhinklik fan wat sy sizze", seit de kapster oer de maatregels fan it kabinet.
19:36

Fideodeiboek: "Teäter is júst yn dizze tiid en nei de corona hiel wichtich om inoar wer op te sykjen"

Gelokkich leit net al it wurk fan teaterregisseur Janneke de Haan stil. Yn har vlog foar de rige 'Berjochten út it hert' lit Janneke sjen hoe't se efter de skermen dwaande binne mei de lokaasjefoarstelling 'Rjocht oer it wetter'.
Janneke de Haan
18:35

Coronafirus yn azc yn Snits

By in bewenner fan it asyslsikerssintrum yn Snits is it coronafirus fêststeld. Dat meldt in wurdfierder fan it COA (Centraal Orgaan opvang asielzoekers). Oft it om in man of frou giet, is net bekend. De persoan is yn it azc sels yn karantêne pleatst. Neffens de wurdfierder wurdt woansdei bekend oft der fierdere maatregels nedich binne. Yn it azc yn Snits wenje in lytse 600 minsken.
16:39

Kabinet ferrommet mooglik maatregels foar hoareka

It kabinet ferrommet mooglik de maatregels foar de hoareka. Yn Den Haag gean gean geroften dat Rutte woansdeitejûn yn in parsekonferinsje melde sil dat terrassen en strântinten mei yngong fan 1 juny ôf wer iepen meie.
Corne van de Erve, foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland fertelt dat er de hiele dei al tillefoantsjes krijt fan entûsjaste hoareka-ûndernimmers yn de provinsje dy't der al fan oertsjûge binne dat de terrassen en strântinten wer iepen sille.
"En dan moet ik dat wel een beetje temperen, want het zijn natuurlijk nog geruchten, want we weten nog helemaal niets. Maar het is wel een fantastisch begin om de horeca weer open te krijgen. Je ziet ook dat gasten al bellen met de vraag of ze al weer kunnen reserveren."