Prestisjeuze Pulitzerpriis foar âld-Ljouwerter Christiaan Triebert

Ald-Ljouwerter ûndersykssjoernalist Christaan Triebert hat mei syn kollega's fan The New York Times in Pulitzerpriis wûn. Triebert en syn team krije de priis takend yn de kategory International Reporting, foar in searje artikelen dy't se makken wêryn't se de Russyske skaadoarloch yn Afrika, Europa en Syrië bleatleine.
De Pulitzerprizen binne de wichtichste Amerikaanske prizen foar de sjoernalistyk. Se binne in idee fan de Amerikaanske krante-útjouwer Joseph Pulitzer en wurde sûnt 1917 útrikt op it mêd fan nijs, keunst en letteren. De priis wurdt takend troch de School of Journalism fan de Columbia-universiteit yn New York.
Triebert skreau mei syn team oer hoe't Ruslân twaspjalt kreëarret yn Europa, Afrika en Syrië en yn dat lêste lân boargers en fjouwer sikehûzen bombardearre.

Bellingcat

De âld-Ljouwerter wie earder ûnderdiel fan it ynternasjonale ûndersykskollektyf Bellingcat, dat iepenbiere boarnen op ynternet brûkt om te achterheljen oft berjochten yn tradisjonele media en op sosjale media wol wier binne. Op dit stuit is er ek kollumnist by de Leeuwarder Courant.

Wer yn Ljouwert

Triebert wennet eins yn New York, mar is no wer werom yn Fryslân. Hy wie yn Ljouwert op famyljebesite, doe't presidint Trump in ynreisferbod ynstelde foar minsken út de Europeeske Uny wei. Dêrom wurket hy no op de souderkeamer fan it hûs fan syn mem. Al syn kollega's fan The New York Times wurken al fan hûs út.