Bysûndere Deadebetinking yn Harich: yn de eigen foartún meiharkje fia speakers

04 maaie 2020 - 22:26

In bysûndere betinking yn Harich dit jier: oeral yn it doarp stiene speakers, sadat elkenien de betinking út de eigen foartún wei meiharkje koe. By de tsjerke, yn it midden fan it doarp, waard in ferhaal ferteld oer in jonge dy't yn de Twadde Wrâldoarloch deasketten is. Dêrnei klonk it Taptoe, wiene der twa minuten stilte en song elkenien mei it Wilhelmus mei.

"Wy soene yn gearwurking mei it Histoarysk Wurkferbân op 18 april wat dwaan mei de befrijing fan Harich. Dat gie net troch om alle coronamaatregels", fertelt Nelleke Terluin fan it pleatslik belang. "Dus doe ha we betocht om wat oars te dwaan. Fan it ien kwaam it oar en doe kaam der hieltyd mear by."

De betinking waard ek livestreamd op Youtube en fia de lokale Radio Spannenburg.

"It is moai dat we dit mei allegear minsken út it doarp dogge. De trompet en saksofoan wurde troch myn bern spile, it lûd is regele troch myn man. It is allegear opset troch pleatslik belang. Prachtich dat it sa slagge is!"

Ferslachjouwer Jeroen Boersma wennet yn Harich en fertelt oer de betinking

(advertinsje)
(advertinsje)