Deputearre Steaten freget provinsje om útstel foar advys oer wynpark

04 maaie 2020 - 22:13

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat yn in brief oan de Provinsjale Steaten frege om útstel foar in regioadvys oer in wynpark yn de Noardsee. It advys hie yn septimber klear wêze moatten, mar dat is te koart dei.

Wynpark op de Noardsee - Foto: Omrop Fryslân

Op de Noardsee komt in grut wynpark dêr't in protte enerzjy opwekke wurde moat. Dizze enerzjy moat nei fêste wâl ta. Dat kin nei trije plakken: Burgum yn Fryslân en Vierverlaten en Eemshaven yn Grinslân. It Ryk bepaalt hokker plak oft it wurdt, mar oan de provinsje is frege om in advys yn te tsjinjen. Dit advys moat yn septimber klear wêze, mar dat is foar de provinsje te gau.

Mei boargers yn petear

De provinsje hat mear tiid nedich om mei de boargers yn petear te gean, sa seit deputearre Sietske Poepjes: "De provinsje kin har foarstelle dat der nochal wat soargen binne oer hoe't it sit mei it lânskip en de folkssûnens. Dat soart saken moatte wy yn alle rêst besjen. Ast yn septimber al in regioadvys ha wolst, is dat wat te koart troch de bocht en wy soene dêr graach wat mear tiid foar hawwe wolle."

Foto: Omrop Fryslân

As de enerzjy yn Burgum opslein wurdt, kin dat ek nije mooglikheden jaan. Poepjes: "As der dan dochs boud wurdt, soene der ek noch saken oanlein wurde kinne dy't goedkeaper binne, om't je dochs al yn de grûn oan it graven binne of oan it bouwen binne. Der moatte digitale ynrinmominten komme sadat minsken har net oerfallen fiele en dat se har hearre litte kinne. Yn dit tiidbestek fan corona hawwe wy der wol wat mear tiid foar nedich."

De provinsje wol yn elts gefal noch in moanne ekstra hawwe om in goed advys jaan te kinnen oan it Ryk.

(advertinsje)
(advertinsje)