ProRail net op tiid klear mei wurk oan it spoar: ek tiisdei noch bussen

04 maaie 2020 - 17:55

It wurk dat ProRail oant en mei moandei dwaan soe oan it spoar tusken Ljouwert en Grins, is net op tiid klear. ProRail hie tocht dat alles klear wêze soe foardat de earste trein op tiisdei ride soe, mar it wurk rint út. Tusken Bûtenpost en Grins moatte treinreizgers tiisdei earst noch mei de bus.

It stasjon fan Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It feroarjen en it testen fan de befeiliging duorre langer as pland, skriuwt ProRail. Dat komt ek troch de oardelmeterregel, want dêrtroch kostet it mear tiid om oan de relaiskasten te wurkjen.

ProRail wurke oan de stasjons fan Bûtenpost, Grijpskerk en Zuidhorn. Dy stasjons moatte klearmakke wurde, sadat der ein 2020 in ekstra sneltrein ride kin tusken Ljouwert en Grins. Fierder komme der wat ekstra wiksels en moat it nije spoar oansletten wurde op it besteande spoar.

(advertinsje)
(advertinsje)