Jansen sjocht komst Huntelaar wol sitten: "Een prachtige naam voor Heerenveen"

04 maaie 2020 - 17:11

It earste seizoen fan Johnny Jansen as haadtrainer fan SC Hearrenfean sit derop. In nuver ein fansels fanwege it coronafirus. Alle reden om mei him werom én foarút te sjen. Yn de nije SportCast fertelt de Noardwâldster oer hoe't er it belibbe hat en oer syn winsken foar takom seizoen. Wêrby't je net om de namme fan Klaas-Jan Huntelaar hinne kinne. Ek Jansen net.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle foargeande SportCasts werom te harkjen.

SC Hearrenfean makke koartlyn bekend dat ûnder oare Jens Odgaard fuortgiet. De spits wurdt hierd fan Sassuolo en giet nei dit seizoen werom nei Italië. Mei Runar Espejord en jeugdspiler Rein Smit binne der noch twa oare sintrumspitsen, mar Jansen wol der eins noch ien by. Klaas-Jan Huntelaar is in namme dy't neamd wurdt en syn komt sjocht Jansen wol sitten: "Dat zou prachtig zijn. We zoeken een jongen waar je naartoe kunt voetballen, die een bal vasthoudt. De naam van Huntelaar komt altijd voorbij. Het is wel een prachtige naam voor Heerenveen, toch? Ik denk dat hij van ongelofelijke waarde kan zijn voor Heerenveen."

Nettsjinsteande de leeftiid fan Huntelaar - hy wurdt yn augustus 37 jier - is Jansen noch altyd bot ûnder de yndruk fan The Hunter. "Je ziet het aan zijn invalbeurten bij Ajax, zó gretig. Dat straalt nog steeds heel veel uit. Het zou een prachtige speler voor ons zijn. We gaan het beleven wat de toekomst gaat brengen."

Foto: Omrop Fryslân

Jansen wie lang assistint-trainer, mar stie dit seizoen foar it earst op eigen fuotten. Hoe sjocht er werom op syn earste seizoen as trainer fan SC Hearrenfean? "Het eerste halfjaar was ik zeker tevreden over hoe we verdedigd hebben met elkaar. In de tweede seizoenshelft zijn we in balbezit beter, maar hebben we iets te veel goals tegen gekregen."

"Veel geleerd"

De âld-fuotballer fan SC Hearrenfean, dy't ien wedstriid yn it blau-wyt spile, hat him as trainer ek bot ûntwikkele. "In het leiding geven aan het elftal en aan de staf, heb ik wel een heel bijzonder jaar meegemaakt. Daar heb ik wel heel veel in geleerd."

De Feansters einigje it seizoen as nûmer tsien fan de earedifyzje. Is dat teloarstellend? "Nee, dat niet. Maar ik vind wel dat er meer in had gezeten. We willen een rustig jaar hebben met elkaar, daarin zijn we geslaagd. We willen het thuispubliek vermaken, daarin zijn we geslaagd. We hadden in het linkerrijtje moeten staan. Daar hadden we nog wat wedstrijdjes voor gehad en we waren heel sterk in de eindsprint geweest", laket Jansen.

Hearrenfean-alvetal fan de iuw

De klup bestiet dit jier hûndert jier en dus freegje we echte klupminsken fan SC Hearrenfean yn de SportCast nei in spiler dy't neffens har of him thúsheart yn it 'alvetal fan de iuw'. Trainer Johnny Jansen kiest foar Jeffrey Talan. "Er zijn niet zoveel jongens die vanuit Heerenveen het Nederlands elftal halen. Hij heeft acht interlands gespeeld en bovenal vind ik het een prachtige voetballer om te zien. Het is ook echt een clubman geworden in deze periode. Dan is hij voor mij de geschikte persoon om in dit elftal te spelen."

Foto: Omrop Fryslân

SportCast

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast alle moandeis by oer al it sportnijs, mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.

(advertinsje)
(advertinsje)