Drokte by Dokkumer Vlaggen Centrale: "Zoiets heb ik nog nooit meegemaakt"

04 maaie 2020 - 16:31

It is drok by de Dokkumer Vlaggen Centrale. It bedriuw ferkeapet op it stuit in hiel soad read-wyt-blauwe flaggen. Neffens direkteur Robert Jan Hageman binne it der tsientûzenen. Hy tinkt dat minsken yn dizze coronatiid de emoasje dy't se fiele by dagen as Keningsdei, Befrijingsdei en de Deadebetinking ekstra toane wolle.

Foto: Google Maps

Neffens Hageman spilet ek mei dat it dit jier 75 jier lyn is dat Nederlân befrijd waard. En in protte minsken sitte thús, wêrtroch't sy makliker in bestelling dwaan kinne.

"We hebben wel vaker piekpunten gezien", seit Hageman. "Bijvoorbeeld met grote voetbaltoernooien. Maar dat staat in de schaduw van wat we nu zien. Zoiets heb ik nog nooit meegemaakt."

Personiel fan de flaggesintrale makket oeroeren en ek de famylje fan wurknimmers, ûnder wa tsien jongerein, moat byspringe om de drokte oan te kinnen.

(advertinsje)
(advertinsje)