UMCG-spesjalist ynfeksjesykten: "Geduld mei faksin is dreech, mar it moat"

04 maaie 2020 - 16:43

It is dreech, mar we moatte geduld ha foar de ûntwikkeling fan in faksin tsjin it coronafirus. Dat seit Ymkje Stienstra, ynternist-ynfeksjolooch oan it sikehûs UMCG yn Grins. "Je wolle gjin medisinen jaan dy't net wurkje of miskien sels in ferkeard effekt ha."

It UMCG yn Grins - Foto: ANP

Undersyk moat útwize watfoar eventuele faksins helpe tsjin it firus. Der is ien foardiel: yn alderhande lannen wurdt wurke oan tsientallen ferskate mooglike middels. "Der binne allegear faksins yn ûntwikkeling, dy't allegear besjoen wurde oft se wurkje en oft se feilich binne. En omdat der sa'n protte kandidaat-faksins binne, is de kâns ek grutter dat der guon binne dy't goed wurkje."

Fan alle kanten tagelyk

Oant dy tiid moatte we lykwols geduld ha. "En it bliuwt belangryk om nei te tinken oer de behannelingen dy't we mei pillen dwaan kinne", seit Stienstra. "Dêrmei kinne je de sykte better behannelje of sels foarkomme dat minsken it oerdrage. Je moatte der fan alle kanten tagelyk oan wurkje. Geduld bewarje is dreech, hielendal mei sa'n pandemy, mar it moat wol. We wolle ek gjin minsken mei ferkeard guod behannelje."

Goede sifers

By it UMCG sjogge se ek dat de sifers oer it tal pasjinten hieltyd better wurde. Yn Fryslân wiene der moandei foar it earst sûnt de útbraak gjin nije meldingen fan besmettingen of stjergefallen. Yn Grinslân hiene se dat al earder. "We ha hjir yn it Noarden folle minder pasjinten as yn de rest fan Nederlân. De measte pasjinten dy't by ús opnommen binne, komme dan ek út it Suden."

"We hiene hjir yn it sikehûs minder pasjinten as dêr't we benaud foar wiene", seit Stienstra. "Wat dat oanbelanget binne de maatregels goed slagge."

Ymkje Stienstra fan it UMCG

(advertinsje)
(advertinsje)