Sikehûs Tjongerschans begjint stadichoan wer mei reguliere soarch

04 maaie 2020 - 16:12

Sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean begjint woansdei wer mei de reguliere soarch dy't troch it coronafirus net trochgean koe. De situaasje wurdt net sa't dy foar it firus wie, want troch de maatregels kin it sikehûs minder minsken tagelyk helpe.

Foto: Dennis Stoelwinder

Boppedat wol Tjongerskâns kapasiteit beskikber hâlde foar mooglike nije coronapasjinten. As it tal coronagefallen tanimt, dan kin Tjongerskâns de kapasiteit dêrfoar wer útwreidzje.

Medysk spesjalisten sjogge hokker pasjinten oft holpen wurde moatte. Dêrnjonken hat it sikehûs romte foar behannelingen of ûndersiken dy't net te lang duorje en gjin ynfloed ha op de ferpleechôfdielings of intensive care. Húsdokters kinne, krekt as oars, nije pasjinten trochferwize nei it sikehûs.

Telefoanysk of mei fideo

Tjongerskâns nimt sels kontakt op mei pasjinten dy't op de wachtlist steane. By gefallen dêr't it kin, sjocht it sikehûs de pasjinten mei in telefoanysk of fideo-konsult.

In part fan de soarch, lykas onkologyske behannelingen, ferloskundige soarch en oare needsaaklike soarch dy't net wachtsje kin, gong al gewoan troch.

Maatregels

It sikehûs hie al maatregels naam om fersprieding fan it coronafirus safolle mooglik tsjin te gean. Sa wurdt elkenien dy't it sikehûs yngiet screend, kinne pasjinten allinnich jûns besite krije, binne der fêste rûtes dêr't minsken rinne meie en brûke meiwurkers en pasjinten beskermjende middels, as dat nedich is.

Ferline wike fertelden de sikehûzen Antonius yn Snits en Nij Smellinghe yn Drachten al dat se wer begûnen mei de reguliere soarch.

(advertinsje)
(advertinsje)