HEA! giet wer de provinsje yn foar nije ferhalen

04 maaie 2020 - 15:52

Omrop Fryslân giet wer op 'en paad foar nije ferhalen yn it programma Hea! Sûnt de útbraak fan it coronafirus yn Fryslân helle Hea! de reportaazjes út it argyf, kombinearre mei bydragen fan sjoggers dy't sels wat filmen. Mar no giet in lytse ploech fan it programma sels wer de provinsje yn.

Foto: Omrop Fryslân

"It kribelet al de hiele tiid", seit Timo Brinkman fan Hea! "Der binne oeral moaie ferhalen, mar fanwege de feilichheid koene we dy ferhalen de ôfrûne perioade net fêstlizze."

Mar no kin Brinkman wer los. "It is hiel bot sykjen om dy ôfstân te bewarjen. We ha grutte hengels mei mikrofoans deroan. Dus ôfstân hâlde en wach wêze, dan komme we in hiel ein."

Foarearst bûten

De ploech siket de ferhalen foarearst bûten. "We geane net spesifyk nei minsken ta", fertelt Brinkman. "We geane mei de kamera de provinsje yn en dêr sykje we moaie ferhalen. Net nei de minsken yn 'e hûs, want dan is it in stik dreger om dy oardel meter ôfstân te bewarjen."

Fan nije wike moandei ôf binne der wer farske Hea!-ûnderwerpen op telefyzje. It programma is fan moandei oant en mei freed te sjen by Omrop Fryslân om 17.20 oere.

Timo Brinkman oer HEA!

(advertinsje)
(advertinsje)