Nij Talint-orkesten krije online muzykles

04 maaie 2020 - 15:40

No't de repetysjes en konserten fan alle muzykferienings stil stean, wurdt der op nije wize muzyk makke. Sa krije de leden fan de Nij Talint-orkesten yn Fryslân online muzykles. De muzikanten, dy't faak noch mar in pear wiken in ynstrumint bespylje, leare fia ynternet de basis fan muzyk meitsjen.

Anneke Piersma - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

De Nij Talint-orkesten yn Fryslân binne bedoeld foar minsken dy't noch nea earder in ynstrumint oanrekke ha. Dat binne benammen folwoeksenen, mar der sitte ek bern by de orkesten. Se krije 10 wiken lang mei har allen muzykles fan dirigint Guus Pieksma. Pieksma wol sa minsken sûnder muzikale ûnderfining leare in ynstrumint te bespyljen. En mei sukses: der binne no fjirtjin Nij Talint-orkesten yn Fryslân, en dêr komme noch hieltyd mear by.

Top en Twel

Ien fan dy Nij Talint-orkesten is Top en Twel. Sy hiene noch mar fiif repetysjes hân doe't de coronakrisis roet yn it iten smiet. De muzikanten sitte no thús en kinne net mear mei elkoar muzyk meitsje. Spitich, hielendal om't sy faak noch mar in pear wiken oan it spyljen binne.

Anneke Piersma (72) is ien fan de muzikanten by it Nij Talint-orkest fan Top en Twel. Doe't sy mei pensjoen gie en nei tweintich jier kankerfrij te wêzen op 'e nij kanker krige, tocht se: no wol ik saksofoan spyljen leare. "Muzyk is myn libben en ik fyn yn in orkest spylje ien fan de moaiste dingen, dus doe't dit foarby kaam, ha ik fuortendaalks oan de belle lutsen", seit Piersma.

Efkes alle ellinde ferjitte

Sy fynt it wol lestich no't der gjin repetysjes mear binne. "Do moatst dissipline ha, want do moatst fierder. As Guus aanst wer mei ús fierder giet, wol ik dochs wol in bytsje fierder wêze." It moaie oan muzyk meitsje, fynt Piersma dat se efkes alle ellinde ferjit. "Ast muzyk makkest, kin ik net mear oan aaklik en beroerde dingen tinke. En as we dan mei ús allen spylje, dat is sa goed foar it hert. Dêr wurd ik altyd oandien fan."

Anneke Piersma spilet sûnt koart saksofoan

Foto: Omrop Fryslân

De leden van de Nij Taline-orkesten sitte gelokkich net stil. Eltse wike stjoert Pieksma de leden fan it orkest in filmke ta om it entûsjasme der yn te hâlden. "Wy wolle hiel graach kontakt hâlde mei de muzikanten en mei de minsken. Dat wurket op dizze wize wol." De leden fan de Nij Talint-orkesten oefenje no in protte allinne, mar hâlde sa wol goed kontakt mei elkoar.

It online lesjaan is foar in protte diriginten en dosinten ek nij. "Jo wurde der hiel ynventyf fan, want jo binne geweldich oan it sykjen nei hoe't it moat", seit Pieksma. Neffens him is it foar no noch te dwaan, mar moat it net moannen mear duorje.

Motivaasje is heech

Annewiep Bloem fersoarget de kommunikaasje oangeande it Nij Talint-orkest. Sy is tige wiis mei de positive ynset fan de muzikanten. "Dy motivaasje is noch altyd hiel heech. Sy misse it mei elkoar spyljen ôfgryslik, mar se witte ek dat der noch in konsert oan sit te kommen. En as sy no troch spylje, dan witte se dat se aanst wer mei elkoar spylje kinne." Dat is neffens Bloem it grutte doel.

Guus Pieksma en Annewiep Bloem

Holle boppe wetter hâlde

De Fryske blaasmuzyk hat it al skoften dreech en no't der foar de muzikanten neat is, wurdt dat allinne mar slimmer. Of sjogge wy krekt in nije oplibbing yn de muzyk? Guus Pieksma seit dat benammen it net mear tegearre spyljen grutte ynfloed hat op de muzyk en de muzikanten. "Allinne tusken fjouwer muorren spylje, is foar minsken gewoan net sa folle oan", seit Pieksma. Hy hopet dat alle muzikanten sa gau as mooglik wer mei har allen blaze kinne.

Anneke Piersma tinkt net dat de motivaasje fan de leden fan Top en Twel ôfnimme sil yn dizze tiid. "Wy hiene sa'n motivearre groep en se wolle echt wol fierder. En sadree't it kin, tink ik dat wy it allegear hartstikke moai fine om wer mei elkoar te spyljen."

Anneke Piersma - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
(advertinsje)
(advertinsje)