Brân by wenwinkel Westergeast, eigener slút brânstifting net út

04 maaie 2020 - 13:37

By in wenwinkel yn Westergeast hat moandei brân west. De brân ûntstie foar de winkel yn in houten hispel en sloech oer nei oar guod dat bûten lei. De eigener fan de winkel slút brânstichting net út, omdat de winkel moandeis ticht is.

Foto: De Vries Media

Om út te sykjen wat de oarsaak wêze kin, wurde ûnder oare kamerabylden besjoen.

In buorman begûn mei it útmeitsjen fan de brân, oant de brânwacht der wie. Dy hat dêrnei dien wurk makke.

(advertinsje)
(advertinsje)