Brânwacht befrijt ree by stasjon Thialf op It Hearrenfean

04 maaie 2020 - 13:27

De brânwacht fan It Hearrenfean hat moandeitemiddei in ree losmakke dy't fêst siet yn it stek by it treinstasjon by iishal Thialf op It Hearrenfean. Omstanners seagen dat it bist net los komme koe en warskôgen de brânwacht.

Foto: CAMJO Media

In brânwachtman hat syn jas oer de kop fan it bist dien en sa koene se de ree los krije. It bist is oerdroegen oan de biste-ambulânse.

(advertinsje)
(advertinsje)