Regels yn Italië ferromme: "Direct een stuk verder gelopen met de hond"

04 maaie 2020 - 13:10

Italië is ien fan de lannen dy't it hurdst troffen is troch it coronafirus. De maatregels wiene dêrom ek stranger en langer fan krêft as yn in protte oare lannen. Sûnt moandei meie de minsken wer in bytsje nei bûten. "Toen ik vanochtend de hond uitliet, heb ik direct een stuk verder gelopen dan normaal", seit âld-topfollybalster en Friezinne om utens Erna Brinkman.

Erna Brinkman mei har famylje - Foto: Eigen foto

Brinkman wennet al jierren mei har man en soan yn Italië, op 'e hichte fan Ancona, yn it midden fan it lân. It nijs dat se wer wat mear meie, wurdt goed ûntfongen. "Het is vandaag een halve feestdag", seit se. "We mogen onze gemeente weer uit, we kunnen naar plekken waar we al twee maanden niet zijn geweest. En we mogen ons kind meenemen als we de hond uitlaten. Dat voelt na twee maanden als een grote vrijheid", seit de âld-ynwenster fan Snits.

Net direkt te bot profitearje

Njonken it útlitten fan de hûn hat Brinkman sels noch net al te folle gebrûk makke fan dy frijheid. Diels omdat se har soan helpe moast mei it húswurk, mar der is noch in reden. "Ze zijn bang dat mensen direct te veel van die vrijheid gaan profiteren. Ik had die behoefte nog niet, dat komt nog wel. Toen ik de hond uitliet kwam ik wel weer wat mensen tegen die ik al lang niet heb gezien, dat voelde wel goed."

Erna Brinkman mei har famylje - Foto: Eigen foto

Sûnt ein maart wie Italië op slot en koene minsken net samar de strjitte op. Foar Brinkman foel it ta hoe dreech oft dat wie. "Je hebt wel eens een mindere dag. Maar je ontdekt nieuwe dingen waar je tijd voor hebt. Ik had al jaren geen tijd genomen om een boek te lezen, nu wel. Dus ondanks dat we veel dingen niet mochten, was het goed vol te houden. Misschien heb ik ook geluk dat ik in een huis woon met mensen die rustig zijn."

Undúdlike ynformaasje

De ynwenners fan Italië krije dus wer wat frijheid, mar it is net hielendal dúdlik wat no wol mei en wat net. "Er mogen nu bepaalde dingen, waarvan ik het waarschijnlijk niet weet. En van andere dingen denk ik dat ze mogen, maar dat mag dan juist niet. De informatie is heel verwarrend. En de vooruitzichten zijn ook niet goed voor de toeristische plaats waar ik woon, dus daar maak ik me nog wel zorgen over."

Er zijn altijd mensen die zich er niet aan houden, waardoor wij langer thuis moesten blijven.

Erna Brinkman yn Italië

Krekt as yn Nederlân waarden yn Italië de ôfrûne tiid hiel wat boetes útdield oan minsken dy't har net oan de regels holden. "Er reed steeds veel politie door het dorp om de mensen onder controle te houden", fertelt Brinkman. "Er zijn altijd mensen die zich er niet aan houden, waardoor wij langer thuis moesten blijven. De laatste twee weken ging wel het beter. De laatste keren dat ik de hond uitliet, ben ik weinig mensen tegengekomen. En kinderen heb ik al weken niet buiten zien spelen."

Ek har eigen soan net dus. Guon boartersplakken bûten binne no wol wer iepen, mar bern moatte wol in meter ôfstân fan elkoar hâlde. "Dan kun je dus ook niet echt spelen, zegt m'n zoon. Hij vroeg: 'wat heeft het dan voor zin, als ik niet eens normaal met m'n vriendjes mag voetballen?' Hij mist voornamelijk voetbal en z'n vriendjes daar."

Swiere put foar skoallen

En skoalle moat er thús dwaan, dêrby krijt er les fan syn âlden. Brinkman: "De school geeft niet zelf les via internet. Ze zetten huiswerk op een speciale site, met af en toe wat uitleg erbij. Wij als ouders moeten onze zoon het jaar doorhelpen. Vanochtend keken we het vak geschiedenis door. Maar het is lastig. Ik denk dat de scholen volgend jaar een zware klus hebben om de kinderen weer wat bij te krijgen met alle stof."

Erna Brinkman yn Italië

(advertinsje)
(advertinsje)